Help oan asylsikers

© Omrop Fryslân
De stifting Noodhulp op De Gordyk krijt nei alle gedachten 10.000 euro fan de gemeente Opsterlân foar help oan asylsikers. It jild komt út in needfûns dat Opsterlân in pear jier lyn foar dit doel yn it libben roppen hat.
De gemeente fynt dat dy de plicht hat om foar de asylsikers te soargjen en freget de ried akkoart te gean mei it bedrach. De ried praat der nije wike moandei oer.