Dûbelslach Sven Kramer

Sven Kramer wint 5000 meter (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer fan Aldskoat hat sneon by de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean de 5000 meter wûn. Yn it iistadion Thialf kaam Kramer yn in tiid fan 6.15,26 oer de streek. Hy wie hjirmei trije tellen rapper as de nûmer twa, de Noar Harvard Bokko. Tredde waard Shani Davis út de Feriene Steaten, yn in tiid fan 6.21,36.
Freed wûn Sven Kramer ek al de 1500 meter. Hy hat no tsien oerwinnings yn de wrâldbeker te pakken.