Jenning Huizenga 3e yn Peking

08 des 2007 - 15:46

Baanhurdfytser Jenning Huizenga fan Frjenstjer is sneon mei de Nederlânske ploech op de achterfolging tredde wurden. Op de nije olympyske baan fan Peking ried hy mei Jens Mouris, Peter Schep en Levi Heimans. De oerwinning by dizze wrâldbekerwedstriid wie foar Ingelân, Nij Seelân waard twadde. It ferskil tusken Nederlân en Ingelân wie nei 4 kilometer goed seis sekonden.

Freed waard Jenning Huizenga sechsde op de yndividuele achterfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)