Fryske boargemasters yn aksje

08 des 2007 - 14:25

Njoggen Fryske gemeenten stypje de ynternasjonale aksje om in ein te meitsje oan de nukleêre wapenwedrin. De kampanje is betocht troch de boargemaster fan it Japanske Hiroshima.

Yn tal fan Europeeske kranten stiet sneon in oprop fan de organisaasje 'boargemasters foar frede' oan lannen mei sokke wapens om dy ôf te skaffen. Boargemaster De Hoop fan It Amelân is lid wurden, acht kollega's stypje de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)