OM: 'Fraude yn Dongeradiel'

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje fertinkt de gemeente Dongeradiel fan belestingfraude en is begûn mei in strafrjochtlik ûndersyk. Yn it gemeentehûs is hússiking dien, dêrby is in part fan de boekhâlding meinommen.
De gemeente hat neffens de belestingtsjinst en it OM mooglik ferkeard hannele by it weromfreegjen fan btw by de bou fan it gemeentehûs. De gemeente ûntkent en is ferbjustere.