Cambuur wint yn Dordrecht

08 des 2007 - 00:38

Cambuur hat foar it earst sûnt fiif oktober werris in oerwinning helle. FC Dordrecht waard freedtmei 3-2 ferslein. Oanfierder Marinus Dijkhuizen makke de 0-1. Dêrnei skoarde Rudy Jansen de 0-2 en flak foar tiid makke Adnan Barakat de 1-3.

Flak foar tiid waard it dochs noch spannend. Chris de Wagt krige in reade kaart nei in oertreding yn it strafskopgebiet. De strafskop dy't dêr op folge waard benut. Einstân: 2-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)