Nij sintrum foar St. Anne

© Omrop Fryslân
Yn Sint Anne is freedtemiddei it nije multifunksjonele sintrum 'Ons Huis' iepene.
Yn it sintrum binne tal fan foarsjennings lykas de biblioteek en it Bilts dokumintaasjesintrum ûnderbrocht. De bou hat langer duorre as ferwachte. Ferienings en ynstânsjes hiene benammen spul oer de finansiering fan in oantal projekten. It sintrum hâldt sneon iepen dei foar de ynwenners fan Sint Anne.