Untdek de biblioteek

© Omrop Fryslân
De Fryske biblioteken wolle dat better bekend makke wurdt wat der te dwaan is yn de biblioteek.
Dêrom wurdt útein setten mei in kampanje 'Ontdek de Bieb' om de ynstelling better ûnder de oandacht te bringen. Sa kin dêr bygelyks diskusjebyienkomsten hâlden wurde en binne sawat alle digitale argiven beskikber. De biblioteken ha ek in spesjale webside iepene.