Persoaniel Arriva krijt 2 %

© Omrop Fryslân
Arriva betellet syn persoaniel toch in einjiersútkearing fan 2%. Dat hat de ferfiersmaatskippij freedtejûn witte litten oan de fakbûnen.
Dy drigen mei aksjes, omdat Arriva net mear as oardel prosint betelje woe. De ferfierder hat nochris nei de arguminten sjoen en besletten toch 2% te beteljen. Benammen it feit dat de meiwurkers dit jier in soad tsjinslach hân ha by har wurk hat dêrby meiteld.