Waadsee oanmelden foar list

07 des 2007 - 17:22

It kabinet hat de Waadsee freed oanmelden foar de Wrâlderfguodlist. De ministers ha derta beslúten no't de gemeenten en provinsjes der ek achter stean. It foarige kabinet woe it ek al dwaan, mar der wie ferset fan de waadeilannen. Dy wiene benaud dat de ekonomy en rekreaasje op slot gean soe troch ekstra maatregels.

It kabinet ferwachtet in ekstra ympuls fan dy sektoren at de Waadsee op de list stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)