Takomst Koornbeurs ûndersocht

07 des 2007 - 14:16

Frjentsjerteradiel sil in kommisje beneame dy't nei de takomst fan teater De Koornbeurs yn Frjentsjer sjocht. Dêrby moat benammen sjoen wurde nei de subsydzje dy't de gemeente jaan moat om it teater bestean te litten. Koartlyn stapte it bestjoer fan de Koornbeurs op om't der te min jild is om it teater draaiende te hâlden.

De gemeente hat no advokaat Van der Meer út Ljouwert as nije bestjoerder beneamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)