Gjin amateurfuotbal yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Der sille dit wykein yn Fryslân gjin fuotbalwedstriden op amateurnivo spile wurde. Utsein yn de haadklasse, hat it fuotbalbûn KNVB besletten alle wedstriden net trochgean te litten. Dat jild foar alle sneons- en sneinsklassen.
Troch it minne waar fan de ôfrûne dagen binne de fjilden net goed te bespyljen. De wedstriden Dordrecht-Cambuur en Hearrenfean-Grins geane foarearst wol troch.