Wêr klûs stellen by bedriuw

07 des 2007 - 11:37

By in ynbraak yn in tankstasjon yn Wynjewâld is tongersdeitenacht de klûs stellen. De eigner krige in ynbraakmelding en gie der hinne. Hy seach in auto fuortriden, ried der achteroan en warskôge de plysje. De auto mei de dieven ride hurd en mei de ljochten út. Se koene fuortkomme.

De plysje tinkt dat it deslede dieven binne as fan in ynbraak woansdei yn Drachten. Dêr is ek de klûs stellen en is in soartelikense auto sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)