Mûnen mealle as proef
Yn Fryslân draaie freed en sneon hast tritich mûnen om de protten wetter fan de ôfrûne tiid fuort te meallen. Dy grutte ynset heart wat dramatysk, krekt as krije we oars wiete fuotten.
It giet om in grutskalige test fan it wetterskip. Dêrby wurde ek tweintich mûnen fan de stifting Fryske Mole ynset.