Snitser ympresjonist yn Parys

26 mrt 2012 - 15:57
  • Vrachtschepen in de sneeuw op de Seine fan Siebe Johannes ten Cate
  • Notre Dame fan Siebe Johannes ten Cate

Yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits is sûnt 18 febrewaris in tentoanstelling oer skilder-ympresjonist Siebe Johannes ten Cate (1858 - 1908) te sjen. Yn Snits koe nimmen dizze soan fan in Snitser boargemaster, mar yn Paris hingje wurken fan him yn prestisjeuze Frânske musea as it Musée du Louvre en it Musée Carnavalet.

Vincent van Gogh omskriuwt him yn ien fan syn brieven as 'zeer netjes geheel in 't zwart laken gekleed'.
Mear oer dizze bysûndere skilder yn K-rûte fan 28 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)