Ferwûnen by ûngelok N-Burgum
Yn Noardburgum oan de Kûkhernewei binne yn de nacht fan tongersdei op freed twa 21-jierrige ynwenners fan Burgum ferwûne rekke. De bestjoerder wie yn in bocht rjochtút riden en tsjin in beam botst.
De passazjier koe sels út de auto komme, mar de berstjoerder moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Beide slachtoffers binne dêrnei nei it sikehús yn Ljouwert brocht.