Mear begelieding yn bus

06 des 2007 - 19:32

Achtkarspelen set yn de bussen dy't bern nei it spesjaal ûnderwiis bringe tenei twa begelieders yn. Sa'n tritich bern út de gemeente wurde sûnt de simmer mei in grutte bus nei skoallen yn Drachten of Dokkum brocht.

De âlders fan de bern wiene yn it begjin net tefreden oer de nije foarm fan ferfier, omdat de opstaptiden en haltes feroaren. De gemeente hat dêr wat oan ferbettere. De âlders binne wol bliid mei de begelieders yn de bus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)