'2011 Súdwesthoeke weryndiele'

© Omrop Fryslân
In weryndieling yn de Súdwesthoeke sil op syn betiidst yn 2011 syn beslach krije. Dat seit boargemaster Hoornstra fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.
In ûndersyksburo sei twa wiken lyn noch dat alle acht gemeenten fan de Súdwesthoeke mei elkoar fusearje moatte. Neffens Hoornstra binne der ek noch oare opsjes. Hy wol net sizze hokker opsjes dat binne. Dêr wol er earst mei de ynwenners fan it gebiet oer prate.