Wokmobyl ek foar doarpen

06 des 2007 - 16:55

In mobile Sineeske wokwein riidt as noviteit yn Noardwâlde en omkriten om. De 'ridende wok' is fan Hsu Hsia. De wokmobyl wie tongersdei oan it proefdraaien yn it sintrum fan Noardwâlde.

De eigneresse claimt de earste 'mobile Sinees' yn Nederlân te hawwen. Yn België binne ridende keukens al wol bekend. Hsu Hsia hat mear as 25 jier by ferskate restaurants wurde. De wokmobyl sil ek doarpen oandwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)