Ferwûnen by Warfstermûne

Botsing by Warfstermûne
In autobestjoerder is tongersdei by Warfstermûne swierferwûne rekke by in botsing. In oare automobilist (19) út Muntsjesyl moast útwike foar twa parkearde auto's en botste lyk op in tsjinlizzer. Yn dy auto siet in 41-jierrige man út Leens. Hy is swierferwûne mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De Muntsjesylster koe nei behanneling yn it sikehûs nei hûs.