Skoalle wol kristlikheid toane

Ien fan 'e trije kristlike posters yn de Friese Poort
Regionaal opliedingsintrum Friese Poort wol de kristlike idintiteit mear útdrage. Dêrtroch wol de skoalle him mear ûnderskiede fan oare ROC's, lykas it Friesland College.
Learlingen en personiel sille faker prate oer it leauwen. Dizze moanne hingje yn 'e skoalle ek posters mei ôfbyldings fan ingelen. De posters binne makke troch learlingen. Se moatte it kristlike karakter fan 'e skoalle sichtber meitsje.