'Nije CdK moat Frysk prate'

Opfolger fan Nijpels moat Frysk prate kinne
De nije kommissaris fan 'e Keninginne fan Fryslân moat in Fries wêze. De opfolger fan Nijpels moat Frysk prate en de minsken begripe. Dat is op te meitsjen út de reaksjes dy't de provinsje krige hat. Opfallend is dat Fryske taal en kultuer heger skoare as saken lykas gemeentlike weryndieling.
Yn novimber koene minsken twa wiken lang meitinke oer wat in nije kommissaris kinne moat. Trijehûndert minsken reagearren op 'e enkête.