Kabat foarsitter Waadakademy

06 des 2007 - 11:31

Prof. dr. Pavel Kabat sil fan takom simmer ôf as foarsitter by de Waadakademy oan 'e slach gean. Kabat is heechlearaar ierdsysteemkunde oan 'e Universiteit fan Wageningen.

De Waadakademy koördinearret ûndersyk ekology en kultuerhistoarje. Dêrby wurdt gearwurke mei nasjonale en ynternasjonale wittenskiplike, maatskiplike en oerheidsorganisaasjes. Ynkoarten begjint ek de syktocht nei wittenskippers en oar personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)