Mear ynspraak hierders

06 des 2007 - 10:52

Hierders krije mear rjochten by sloop of renovaasje fan 'e huzen. Sân op 'e tsien moat foar wêze, oars giet it net troch. Dat stiet yn in nije ôfspraak fan twa Fryske hierdersferieningen mei wenningboukorporaasje Welkom. Oare korporaasjes sille nei ferwachting ek op 'e nije regeling oergean.

It nije Platform Huurders Welkom fertsjintwurdiget de hierders. Foarsitter is direkteur Van der Veen van 'e Bewennersried Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)