Bisten ôfmakke nei bytynsidint

© Omrop Fryslân
In skiep en in hûn binne woansdei ôfmakke nei't de hûn it skiep biten hie. Hy foel it skiep oan yn in stik greide yn it Alddiel by Ljouwert. De hûn hie him losskuord fan syn baas en naaide út, it lân yn. It skiep dat biten waard, koe net mear rêden wurden. De plysje hat him út syn lijen ferlost. De hûn hat in spuitsje krige fan 'e bistedokter. De 44-jierrige eigneresse fan 'e hûn út Ljouwert hat in prosesferbaal krige.