Boete: foar moannen fêstset

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat moandei in ynwenner fan dy stêd foar in pear moanne fêstset fanwege in boete. Hy koe it jild oan 'e doar net betelje.
De plysje gie moandei by mei-inoar sechstich minsken del mei in iepensteande boete. Fyftich fan harren wiene net thús. Dêr liet de plysje in berjocht achter mei it boadskip sagau mooglik te beteljen. Fan 'e tsien oaren koene trije it jild net op it kleed lizze, de oaren wol.