File troch kettingbotsing A7

06 des 2007 - 10:14

In kettingbotsing op 'e A7 by Terwispel hie woansdei in lange file ta gefolch. Trije auto's riden mei in gong fan 120 km yn 'e oere achter-inoar op de linkerbaan rjochting Beetstersweach. In oare auto ried rjochts.

De foarste twa moasten hurd remje en diene de alarmljochten oan. De tredde botste op 'e auto dêrfoar. Dy klapte doe wer tsjin de foarste auto, dy't op 'e auto op 'e rjochterbaan fleach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)