Jild foar Frysk ferhaleboekje

© Omrop Fryslân
It Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel krijt tûzen euro fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Mei dat jild wol de stifting besykje âlde ferhalen út de ferskate doarpen yn de gemeente boppe tafel te krijen. Mei help fan Tresoar yn Ljouwert wurde der lêzings opset dêr't minsken harren ferhalen kwyt kinne. De bedoeling is om de ferhalen te bondeljen en yn in boekje út te jaan.