Mulder yn Sintrale As-kommisje

In nije bestjoerlike put foar Bertus Mulder
Ald-deputearre Bertus Mulder fan 'e PvdA wurdt foarsitter fan in kommisje dy't plannen meitsje moat foar it gebiet neist de sintrale as, de nije dyk fan Dokkum nei Nijegea.
Mulder moat mei syn kommisje plannen meitsje oer hoe't bygelyks lânbou en natoer dêr in plak krije kinne. Mei inoar giet it om in gebiet fan likernôch 7.000 bunder grûn. De kommisje wurdt freed ynstalleare.