Boaiemdelgong soe tafalle

05 des 2007 - 09:46

De boaiemdelgong yn Noardwest-Fryslân falt wol ta. Dat docht bliken út de nije sifers fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Yn Noardwest-Fryslân geane ferhalen dat de boaiem wol 40 oant 50 sentimeter sakje soe, mar neffens it Staatstoezicht soe it djipste punt mar 30 sentimeter sakke wêze.

De provinsje hat mei Vermillion, dat by Frjentsjer nei gas boart, ôfpraat dat de boaiem net mear as 16 sentimeter sakje mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)