Brêge bliuwt yn Wergea

04 des 2007 - 23:43

De beweegbere brêge yn Wergea bliuwt. Dat is tiisdeitejûn besletten troch de gemeente Boarnsterhim. It kolleezje hie in foarstel dien om in fêste brêge te meitsjen. In aksjekomitee hie in nij foarstel yntsjinne foar in beweegbere brêge. De gemeente sil no útsykje oft dy lêste opsje mooglik is.

As de steande mêstrûte om Wergea hinne minder boatsjes yn it doarp sels bringt, dan kin der letter noch in fêste brêge komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)