Bûnscoach Foppe?

04 des 2007 - 20:56

Foppe de Haan seit gjin ja, mar ek gjin nee op de baan as bûnscoach fan it Nederlâns alvetal. Marco van Basten hat tiisdei bekend makke dat hy kommende simmer ophâldt by Oranje. De Haan is no coach fan Jong Oranje.

Mei dat tiim wol hy yn alle gefallen nei de Olympyske Spelen. Dat hat er de jonges tasein, sa seit er, en dat wol er ek sels stommegraach. Dêrnei rint syn kontrakt by Jong Oranje ôf en soe er dus yn prinsipe beskikber wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)