Nije funksje foar Nijpels

04 des 2007 - 20:51

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat in nije baan. As er yn maaie ophâldt as CdK wurdt er foarsitter fan de ONRI, de bransje-feriening fan advys- en ingenieursbureau's yn Den Haach.

Nijpels sil ûnder oare it imago fan de ingenieursburo's fersterkje. Hy sil him dêrby benammen rjochtsje op it klimaat, feilichheid en mobiliteit. It is in funksje foar twa dagen yn de wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)