Jack de Vries steatssiktaris?

Jack de Vries
Jack de Vries, de eardere rjochterhân fan premier Jan Peter Balkenende en ôfkomstich fan De Lemmer, wurdt mooglik de nije steatssiktaris fan Definsje. Dat meldt it RTL4-nijs. De 39-jierrige Lemster soe Cees van der Knaap opfolgje moatte. Dy wurdt boargemaster fan Ede.
Jack de Vries wie jierrenlang foarljochter fan 'e CDA-fraksje. Sûnt oktober wurket De Vries foar in advysburo.