Nij ûndersyk yn saak-Eastrum

04 des 2007 - 16:05

De fertochte fan 'e ferkrêftingssaak Eastrum moat frijlitten wurde. Dat seit syn advokaat Tjalling van der Goot. Reden dêrfoar is it DNA dat fûn is op it lichem fan it 13-jierrige slachtoffer út Eastrum. Neffens tests op it Forensysk Laboratoarium yn Leiden is dat net fan 'e fertochte.

It heger berop yn 'e ferkrêftingsssaak tsjinne tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert. Der komt no in nij ûndersyk. De saak tsjinnet opnij op 1 febrewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)