Heli 'plukt' antenne fan mêst

De helikopter hinget boppe de stjoermêst fan Jirnsum
KPN hat tiisdei de analoge antenne fan 'e stjoermêst yn Jirnsum ôfhelle. Dat is dien mei in Switserske helikopter. De analoge antenne is net mear nedich om't KPN oergien is op in digitaal netwurk. Ek yn oare plakken hellet KPN de antennes fuort mei in helikopter.
De antenne fan Jirnsum stie foar woansdei op de agenda. Om't it wurk flot ferrint wie de put ferset nei tiisdeitemiddei trije oere.