Cambuur wol Amoah fêstlizze

Sportklub Cambuur hat de Sweed Patrick Amoah in oanbieding dien. De middenfjilder trainde de ôfrûne wike op proef mei by de Ljouwerters. De Iislanner Heidar Juliusson krijt mooglik noch in twadde kâns om him te bewizen. Troch in blessuere koe hy him net goed sjen litte.
Jeroen Ketting mei yn de winterstop útsjen nei in nije klub. De oanfaller komt op dit stuit hast net oan spyljen ta by Cambuur.