'Bystân foar mantelsoargers'

04 des 2007 - 12:17

It CDA Ljouwert wol dat der bystân komt foar minsken dy't yntinsyf soargje foar sike of handikapte famyljeleden. De kosten dêrfan moatte diels út 'e bysûndere bystân betelle wurde. It soe dan gean kinne om de fergoeding fan reiskosten.

De regeling is allinnich foar minsken mei in leech ynkommen. De ried praat oer it foarstel as de nije Wet Maatskiplike Understeuning (WMO) behannele wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)