LTO: skieding Blauforlaetbrêge

04 des 2007 - 11:58

Fytsers en lânbouferkear moatte net oer ien baan oer de brêge Blauforlaet by Stynsgea. Dat skriuwt lânbouorganisaasje LTO yn in brief oan Provinsjale Steaten, dy't tongersdei oer de brêge prate sille. De brêge wurdt opknapt. De provinsje wol dat fytsers en lânbouferkear tenei oer in parallelwei ride. It aparte fytspaad fan no ferdwynt dan. Minsken yn 'e omkriten binne dêr bot op tsjin, om't se dat gefaarlik fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)