Tsjûgen botsing Stiens socht

04 des 2007 - 10:50

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding, sneontemiddei op 'e Breedyk by Stiens. Dêr rekke in frou fan 31 jier út Ljouwert ferwûne by in frontale botsing. De oanriding ûntstie nei alle gedachten om't de frou op 'e ferkearde kant fan de dyk telâne kommen wie.

De oare bestjoerder, in man (47) út Feinsum, en syn ynsittenden rekken net ferwûne. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne belje mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)