Aksje foar sikehûs Harns

11.000 hantekens foar behâld fan Harnzer operaasjekeamer
De kâns dat de operaasje-ôfdieling fan sikehûs MCL/De Batting yn Harns dochs iepenbliuwt, is grutter wurden. Moandeitejûn binne dêrfoar yn de Batting 11.000 hantekens oanbean oan it bestjoer fan Noorderbreedte.
Troch besunigings fan it Ryk wol Noorderbreedte de ôfdieling skrasse. Twadde Keamerleden, provinsjaal en lokaal bestjoer en Noorderbreedte sille no mei-inoar nei Den Haach om de jildkraan dêr wer wat iepen te krijen.