Gearwurking VMBO's 't Fean

© Omrop Fryslân
Learlingen fan de beide VMBO's yn Surhústerfean kinne fan takom skoaljier ôf lessen folgje op it Singelland én it Lauwers College. De twa skoallen sille tenei mei-elkoar gearwurkje om de leslokalen wer fol te krijen.
Op beide skoallen binne lytse klassen. It oanbod fan fakken is ek te leech. Learlingen moatte nei skoallen yn Drachten of Ljouwert om de fakken te folgjen dy't se graach dwaan wolle.