Winsk: fytsers foar op rotonde

© Omrop Fryslân
Fytsers moatte oeral yn de beboude kom foarrang krije op rotondes. Dat is de winsk fan de Fryske ôfdieling fan it Fytsersbûn. Ek op bygelyks de rûnwei fan Ljouwert soene de belangen fan fytsers belangriker wurde moatte as dy fan de auto's.
Mar salang't dat noch net it gefal is, toant it Fytsersbûn him wiis mei it belied fan de gemeente Ljouwert om fytsers yn it sintrum fan de stêd wol dy foarrang te jaan.