Straf foar brânstichter

03 des 2007 - 15:51

In 19-jierrige Drachtster hat in finzenisstraf fan 204 dagen oplein krigen. 180 dêrfan binne op betingst. De man hat yn sawat in jier tiid 25 brannen stichte yn Drachten en dat soarge foar in soad oerlêst.

Earst stuts er ôffalkonteners en konifearen yn de fik, letter ek leechsteande huzen en in mobyl toilet. De skea is sa'n 100.000 euro. Hy moat dêr in part fan betelje. Ek krijt er in wurkstraf fan 240 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)