Oerlêst Jobbegeaster jongeren

© Omrop Fryslân
Jongeren yn Jobbegea feroarsaakje in soad oerlêst trochdat se op strjitte drugs brûke en ferhannelje. Ek drinke se flink wat alkohol. Gemeentebelangen Hearrenfean krijt dêr hieltyd mear klachten oer fan ferskate bewenners.
Sy doarre de problemen net te melden by de plysje of de gemeente, omdat se benaud binne foar sanksjes fan de jongeren. It giet om in groep fan sa'n tweintich jongeren. GB Hearrenfean fynt dat de gemeente wat dwaan moat.