Beswieren tsjin ljochtproef

03 des 2007 - 10:49

Reizgersorganisaasje ROCOV wol dat der by de ljochtproef yn de gemeente Hearrenfean mear rekken hâlden wurdt mei reizgers. By Ketlik, Bontebok, Nijehoarne en De Knipe rint in ferljochtingsproef. Der binne spesjale lantearns pleatst mei minder ljocht.

Dêrtroch wurdt enerzjy besparre en is der minder hoarizonfersmoarging. Mar it platfoarm foar reizgers fynt dat te min tocht is oan busreizgers, want ek by de haltes is it tsjusterder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)