Negerman wint Winterloop

02 des 2007 - 14:23

Erik Negerman hat snein yn Snits de twadde Winterloop op syn namme skreaun. De Fries om utens út Hilversum wie nei de 8400 meter yn 27 minuten en 21 sekonden werom op sportpark Schuttersveld.

Douwe Nauta fan Snits folge 2 minuten en 27 sekonden letter. Riekele_Kobes (Nij Beets) waard tred, trije minuten en alve sekonden nei de winner. Ineke_Altenburg wie yn eigen stêd de earste frou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)