Bob de Vries 7e yn Eindhoven

Bob de Vries (foto: Martin de Jong)
Joost Juffermans hat snein yn Eindhoven de sande maraton foar de Essent Cup wûn. De reedrider út Stompwijk sprong in kertier foar de ein út it peloton en kaam solo oer de einstreek.
Bob de Vries fan De Haule waard sande en bliuwt lieder fan it klassemint. De earste wedstriid foar de Essent Cup by de froulju waard wûn troch Daniëlle Bekkering út Grins.