Tankstasjon Gytsjerk oerfallen

© Omrop Fryslân
It tankstasjon oan de Trynwâldsterdyk yn Gytsjerk is sneontejûn troch in noch ûnbekende man oerfallen. De man kaam om goed healwei achten it winkeltje fan it tankstasjon yn mei in bivakmûtse op en in fjoerwapen yn de hân.
Dêrmei bedrige er de frou achter de kassa. Hy naaide út mei inkelde hûnderten euro's. Tsjûgen seagen hoe't er de boskjes yn draafde, mar de plysje koe de man net mear fine.