Jonge ynbrekkers yn Stiens

26 mrt 2012 - 14:04

Omwenners ha yn Stiens twa jonges betrape op ynbrekken. It giet om in jonge fan 13 en ien fan 14 út it plak. Dy waarden troch de omwenners sjoen op de boppeferdjipping fan in hûs. Doe't bliken die dat der ek noch in rút fan it hûs fernield wie, begûnen by dy omwenners de alarmbellen te rinkeljen, ek al omdat de lêste tiid yn soad ynbrutsen wurdt yn Stiens.

De ynskeakele plysje hat de twa fêstset op it buro.

Trefwurden: 
ynbrekkers Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)